Skip to content

Fjouwer âlde goaden foar de Friezen

5 april 2011

Lykas by de oare Germaanske talen, útsein it Yslânsk, binne der yn ’e Fryske deinammen fjouwer nammen fan âlde, lânseigen goaden ferhoalen.

moandei – tiisdei – woansdei – tongersdei – freed – sneon – snein  

Tij
Tiisdei is fan rjochten de ‘dei fan Tij’. En Tij wie de âlde haadgod, ear’t hy fan ’e troan staat waard troch Woan likegoed as Tonger (wêroer aanst mear). Hja koene him yn midsieusk Skandinavië as Týr, en yn it iere Germanië as *Tīwaz. Tij wie de god fan rjocht en rjochtfeardigens, en sa ek fan oarloch en frede. Hy wie op ’en nausten behelle yn ’t ting, de âlde Germaanske rjochtsgearkomste. Yn ’e Nederlânske deinamme dinsdag, dy’t net besibbe is mei it Fryske tiisdei, fine wy in âlde bynamme fan him dy’t ferwiist nei ’t ting.

Hoesa dan Tij ynstee fan Tii? Dat komt troch it plak fan it lûd. Bywannear’t de Aldfryske -ī- net folge waard troch in bylûd, dan ûntwûn dat him ta in Fryske -ij- (ferlykje Frysk frij út Aldfrysk frī). Oars bleau it lykas it wie, mar dan oars stavere: -ii- en -y- (ferlykje Frysk tiid út Aldfrysk tīd). De namme Tij hat nammers neat te krijen mei it wurd tij ‘stân fan it wetter’. Har likenis is tafal.

Woan
Woansdei wie de ‘dei fan Woan’. Woan ferkrong ea Tij en wie de wichtichste fan alle goaden yn ’e letheidenske tiid. Hy wie de god fan ferfiering, dichtkeunst, grime en ek oarloch. Syn namme is besibbe mei woede; it moat lykwols sein wurde dat dat wurd ea in rommere betsjutting hie: ‘ferfiering, ekstaze, (geastlike) brân’. Woan is ek dejinge dy’t neffens de âlde lieten ús foarâlden it runeskrift joech. Yn midsieusk Skandinavië neamden hja him Óðinn.

Tonger
Tongersdei betsjut ‘dei fan Tonger’. Tonger, lykas syn namme ferret, hie te krijen mei tonger en wjerljocht. Wapene mei syn hammer en fjochtsjend tsjin alderhanne reuzen en oar brod wie hy ferneamd om syn moed en krêft. Tonger wie ek yn ferbân brocht mei de iik. Yn oare Yndo-Jeropeeske mytologyen hiene hja in god lykas Tonger, yn guon gefallen ûnder in namme dy’t besibbe wie mei de pleatslike namme foar ’e iik. Hawar, de Skandinaviërs yn ’e midsieuwen neamden him Þórr.

Frije
Freed, in mear fersliten deinamme as de eardere trije, wie de ‘dei fan Frije’. Frije, waans namme letterlik ‘leafste, dierbere’ betsjut en net sa lyk ‘hja dy’t frij is’, wie de goadinne fan fruchtberens en mem-wêzen en fan ’e leafde en it boask. Neffens de âlde Skandinaviërs, dy’t har Frigg neamden, wie hja de frou fan Óðinn, oftewol Woan. Ek hjir hat it plak fan it lûd derta laat dat de namme los oars is as yn in gearstalling.

Oare goaden
Sûnder mis wiene der njonken de fjouwer foarneamde ek oare goaden yn ’e mytology fan ’e âlde Friezen. In foarnamenien dêrfan wie Fosite, nei wa’t ea ferneamd waard it hillige eilân Fositeland, dêr’t in hillige boarne bestie neffens de oerlevering. De oarsprong fan ’e namme Fosite is ûnwis, mar it sil gjin âld wurd foar ‘foarsitter’ west hawwe. Rjochtoarsom, doe’t de âlde Skandinaviërs de ferearing fan dy god fan ’e Friezen oernamen makken hja der Forseti ‘foarsitter’ fan, en seagen hja him as in god fan rjocht en frede. Sa is it mooglik dat Fosite inkeld in bynamme wie fan Tij hjirboppe. Dy wie ommers de oarspronklike god fan rjocht en frede. Ús is fierder oerlevere in midsieusk ferhaal oer hoe’t in heimsinnige namleaze god tolve Fryske rjochters (asega’s) rêdt fan in stjoerleas skip en har nei in plak laat dêr’t hy in boarne slacht mei syn gouden akse en har goed rjocht leart. Dat sil lykwols Fosite west hawwe, oftewol Tij.

Mei tank oan Ytsje Steen-Buwalda foar it neisjen fan myn Frysk.
Advertenties
3 reacties leave one →
  1. 7 april 2011 08:45

    Da hast do goed makke! 😛 Veul nijs stiet d’r nich in, mar good edoan, keal.

    • Olivier van Renswoude permalink*
      7 april 2011 16:22

      Tankewol! Strykt, net in soad nijs. Lykwol, no hawwe hja yn Fryslân wol wer in kreaze, hjoeddeiske foarm fan dy âlde namme *Tīwaz.

      Ien t Grunnegs nuimen wie hom juust ok Tij. En de aandern Woun, Dunder en Vrije.

  2. Nicky permalink
    23 september 2013 17:20

    haha, ‘k kanne d’r nie arreg völle van maakn, van da friiesn!

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s